Kompetysje keatsen omloop 2
Ik sjoch Amarins opslaan en ik toch,t sy kin moai tsjin opslach kanon Heida, der elk noch in maat bij en dan kinne die los. Jelmer en Martin woene graach los dus ha ik Jelmer bij Amarins dien en Martin bij Jan, mar dat wie net yn lykwicht. Martin hie foar de wyn dus eltse bal die hij rekke gong nei de boppe, Jan makke oan de opslach gjin fouten en doe wiene se samar 3 earsten foar, Amarins en Jelmer ha der alles oan dyn mar it wie foar hun echt freed de trettjinde, want eltse kear op 6 gelyk gong it earst nei Jan en Martin. De mannen fan it 4e pelote team wiene der hast allegearre, oan fult mei Jouke en Albert koene se moai trije tsjin trije keatse. De mannen hiene ûnderling ofpraat om nei twa earsten in plakje op te skowen sadat elkenien in kear oan de opslach en yn it perk kaam. Der waard om raak slein en ik tink dat ik Oebele mar ris freegje moat foar in wanten kontrôle want der sitte slach wapens bij wêr't sels Wilco syn want bij verbleekt. Der waarden oan beide kanten in protte fouten makke, mar de wille wie der net minder om. It partoer fan Albert stie 5 om 'e 3 foar mar it waard sels noch 5 earsten gelyk en 4–2 foar Reinder en dy, doe hat Albert de opslach mar nei him ta lutsen en mei in rige sit ballen en ien bal foar waard it 5 earsten gelyk 6 gelyk doe hat Albert noch ien kear in sitbal slein. De útslaggen: Jan & Martin -> Amarins & Jelmer 5-3/6-4 Albert, Geert en Jouke W -> Jouke B, Reinder & Wisse 5-5/6-6
Geplaatst op 15 May 2016